Wolkom bij de Pauperfontein
Cultural Capital? 11 Fountains? Mienskip? Mei de Pauperfontein (ek wol Piemelfontein of Jan Lul fontein neamd) leit teatergroep de Paupers mei ’n kritysk each LF2018 ûnder it fergrutglês. Fernimstich, ludyk en mei humor trekke dizze moderne hofnarren oant ein 2018 troch Fryslân om sjen te litten wat “mienskip” no echt ynhâldt: Foár elkenien en tróch elkenien!
De fontein opboud mei piemels en yn it hert ‘n iepenbier toilet. Sa gau as der pisse wurdt begjint de fontein te spuitsjen. Koart sein: Kinst pisje? Dan kinst de fontein ek oansette! In universele needsaak dy’t gjin ûnderskied makket yn kleur, taal, ras of geslacht. De teaterfoarstelling “Dy lul fan mij” kompletearret it keunstwurk en makket dermei de Pauperfontein ta ‘n prachtich st(r)aaltsje konseptuele keunst!
Fanôf begjin 2017 al droegen troch it folk, groeit de Pauperfontein en wurdt er riker mei elk donearre “lid”. De Pauperfontein waaiert út mei byldzjende keunst, teater en muzyk, yn wurd en gebaar.
Doch mei, lit dy heare, kom oerein, do bist ‘n Pauper, do bist de mienskip!
Download de folder, stjoer ‘m troch! Lit dyn fantasy op ‘e frije rin gean en praat der mei oare minsken oer. En reageer fia facebook of [email protected]
Sjoch hjir it plan!
Dit projekt hie noait san grut sukses wurden at wy gjin leden hienen fûn.
Lês hjir alles oer de crowdfundings aksje, mei alle nijs-berjochten en reaksjes fan ús leden.



































[…] van De Pauperfontein en hoofdprogramma […]