Sinkel
2006


SINKEL de ljip, it lyk en it famke.
 

Noch noait 'n stik op de unike, eigensinnige pauperwize sjoen? SINKEL is it nije muzykteaterstik fan Stichting De Paupers en wurdt spile op 'n prachtige lokaasje; flakby de Iselmar op it giele (gaaster) strân by Warkum. Hjir spieldfe yn 1832 it lyk fan Joseph Sinkel oan. Hy wie de "útfiner" fan it nije winkeljen. Keapje om de lúkse en it genot. Syn stoflike resten waarden begroeven by de grutte tsjerke yn Warkum. De fraach bliuwt of syn geast ek mei de grûn yn gien is. Want "Winkels fan Sinkel" binne bleaun. Dêr is fan alles te keap. Huodden en petten en alles wêr't de minsken harren graach oan knuffelje.

Jannie ven der Veen docht de rezjy en Henk de Boer stie foar it idee, konsept en foarmjowing. De Paupers kin net sunder harren eigenwize muzyk. Pieter Kurpershoek, Paul van Dijk, Sipke de Boer mei de kollega's fan Skarl, Beugelband en IS komponearden en spilen it. Siebren Kramer arrangearre en stjoerde it koar "Sjongsum"

Sanne Minke Tijtsma, Eefje Flapper, Sjoukje de Boer, Linda Galema, Grietje Deinum, Eppo de Groes, René van der Laan, Klaas Jitze Tijtsma en Inez van der Laan spylje.

 

 




Sinkel - De Skries